Theetún oan it wetter

It plakje om rêstich fan de natoer te genietsjen en/of in leuke dei út te gean begjint yn de theetún fan Nauta's Botenverhuur.
Nei in moaie fytstocht efkes hearlik sitte en ta josels komme? Dan kin yn ús gesellige theetún (mei serre) oan it wetter! Wy kinne jo û.o. in lekker bakje kofje of thee bringe mei wat lekkers derby, troch ús sels makke.

 

Rêst, genietsje, belibje en gastfrijens binne de wurden dy’t by ús theetún hearre. Op it terras oan it wetter wurde jo ferrast troch de ferburgen plakjes en de lans farrende boatsjes. Of genietsje fan allegear ynsekten, flinters en fûgels. Der binne ferskate plakjes yn de tún makke, wêrtroch it horeka/terras gefoel ferdwynt en plak makket foar it húslik genietsjen, midden yn de natoer.

 

In earlik, hearlik, gewoan plakje om josels ris efkes noflik del te jaan wilens in auto-, fyts- of kuiertocht.

 

As it board oan de dyk stiet binne wy iepen. Wolle jo dat graach witten foar  jo fan hûs gean? Gewoan efkes skylje!

 

Jo binne tige wolkom!

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Tusken de planten troch

Tusken de planten troch

Theetún

Theetún

Fanôf de brêge

Fanôf de brêge