Tsjinsten

Fartochten/Rûnfeart

By Nauta's Botenverhuur binne jo teplak foar famyljefeesten of personielsútsjes Wy stribje dernei om elk arranzjemint 'op maat' út te skriuwen, dus hielendal nei jo winsken. Der binne ferskate arranzjeminten mooglik, sawol foar in deidiel, de hiele dei, as ek foar meardere dagen. Oernachtings kinne regele wurde.
Nim foar jo spesifike winsken frijbliuwend kontakt mei ús op.

Stedskuier Frjentsjer

Njonken in rûnfeart fersoargje wy ek stedskuiers troch Frjentsjer û.l.f. in saakkundig gids. In kombinaasje fan in rûnfeart/kuier is in oanrieder! Wy sjogge graach dat jo genietsje; Hans lit jo graach alle moaie dingen yn Frjentsjer sjen. Skylje gerêst!

Picknick- of borrelje

Efkes der út,  mar noch gjin fakânsje? Wy fersoargje graach jo piknikkoer.  Jo komme grif  mei in fekânsjegefoel wer thús. In borrelgarnituur foar in gezelschap(ke) heart fansels ek tot de mooglikheden.

Far-Kado-Bon

Immen in kadootsje jaan wat net yn it wetter falt? Tink ris oan in FAR-KADO-BON...... Falt altyd yn ‘e smaak!

Houliksboat

It lok leit op it wetter. Farrende op bygelyks de grêften fan Frjentsjer of midden yn de natoer jimme houliksdei oars belibje. Jim kinne no tegearre, as mei de famylje, yn jim "eigen" houliksboat stappe foar it meitsjen fan bysûndere breidsfoto’s.

 

 

 

 

 

 

Rose sneon

Rose sneon

Theetún

Theetún

Serre

Serre