Boatenferhier

Der binne ferskate mooglikheden om it wetter op te gean.
 

  • Iepen rûnfarboat
    Njonken de besteande float fan de  Hanzepunters en Kanadeeske kano's hawwe wy ek in iepen rûnfarboat yn de ferhier. De aluminium boat hat hast gjin djipgong en in is hiel stabiel. Dit makket dat de boat tige gaadlik is om mei te farren. Fartochten nei of fanút Frjentsjer; yn gearwurking mei de û.o. de pleatslike restaurants, de boulangerie en pattiserie, it Keninklik Planetarium en musea kinne der gâns kombinaasjes makke wurde t.b.f. jo famyljdei as personielsútsje. Wy stribje dernei om alle arranzjeminten ‘op maat’ út te skriuwen, dus hielendal nei jo winsken. Freegje nei de mooglikheden.
     
  • Hanzepunters
    De Hanzepunter is in tige deeglike boat en troch syn moaie rompfoarm tige gaadlik om mei te farren. Der kinne max. 6 persoanen yn in boat, dy útfierd is mei luchtkasten en in dûbele boaiem; hjirtroch is de boat net allinne ûnsinkber mar ek selfloazend. Wy hawwe meardere boaten, dy't yndividueel of meielkoar hierd wurde kinne. Fanút Hitsum binne der meardere rûtes te farren; rûtekaarten binne beskikber.

     
  • Kanadeeske kano's
    Wolle jo leaver jo spieren brûke? Wy hawwe Kanadeeske kano's, gaadlik foar 3 persoanen per kano. Ek hiel aardich foar in bernefeestje!!

 

 

 

 

 

 

 

 

Rûnfeartboat

Rûnfeartboat

Hanzepunter

Hanzepunter

Kano

Kano